国内首个通用飞机综合航空电子系统研制成功
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1936 | 1937 | 1938 | 1939 | 1940 | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 |
![]() | |
Gregoriaanske kalinder![]() |
1941 MCMXLI |
Ab urbe condita | 2694 |
Armeenske kalinder | 1390 ?? ??? |
Etiopyske kalinder | 1933 – 1934 |
Hebriuwske kalinder | 5701 – 5702 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1996 – 1997 |
- Shaka Samvat | 1863 – 1864 |
- Kali Yuga | 5042 – 5043 |
Iraanske kalinder | 1319 – 1320 |
Islamityske kalinder | 1360 – 1360 |
Juliaanske kalinder![]() |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4637 – 4638 丁辰 – 戊巳 |
1941 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1941.)
Dit jier makket ?nderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 22 - Britske en Australyske troepen feroverje Tobruk, yn Lybje, en nimme 25.000 Italjaanske soldaten kriichsfinzen.
- 24 - Britske troepen falle it troch Itaalje besette Abessynje binnen.
- febrewaris
- 6 - De Sande Alvestêdetocht wurdt w?n troch Auke Adema yn in tiid fan 9 oeren en 19 minuten.
- 14 - De earste ?nderdielen fan it Dútske Afrikakorps arrivearje yn Italjaansk-Lybje, om 'e weroml?kende Italjaanske troepen dêre te fersterkjen.
- 25-26 - De Febrewarisstaking is it earste massale ferset tsjin 'e Dútske besetter yn Nederlan, en it iennichste massale protest tsjin 'e Joadeferfolging troch nazy-Dútslan.
- maart
- 1 - Bulgarije wurdt lid fan 'e As.
- 11 - It Amerikaanske Kongres nimt de Lien-Pachtwet oan. Begjin fan it Lien-Pachtprogramma, wêrmei't de Feriene Steaten de Alli?arden fan materieel foarsjogge.
- 25 - Nei swiere Dútske druk wurdt Joegoslaavje lid fan 'e As.
- 27 - By de Joegoslavyske Revolúsje fan 1941 wurde prins-regint Paul en premier Dragi?a Cvetkovi? ?fset troch it leger, dat fel tsjin is op 'e Joegoslavyske oansluting by de As.
- april
- 3 - By in steatsgreep komt yn Irak in pro-Dútsk rezjym ?nder Rasjyd al-Gailani oan 'e macht.
- 5 - Addis Abeba, de haadstêd fan Abessynje, wurdt troch Britske troepen befrijd fan 'e besetting troch de Italjanen.
- 6 - It begjin fan Operaasje Marita, de Dútske ynfal yn Grikelan en yn Joegoslaavje.
- 8 - Mei de Fal fan Tessaloniky stoart de ferdigening fan noardlik Grikelan tsjin 'e Dútsers yn.
- 10 - Begjin fan it Belis fan Tobr?k, yn Italjaansk-Lybje, dêr't Australyske, Nijseelanske en Poalske troepen stanhalde tsjin it Dútske Afrikakorps.
- 10 - De Un?fhinklike Steat Kroaasje wurdt útroppen, as in fazalsteat fan nazy-Dútslan.
- 17 - Joegoslaavje jout him oer oan nazy-Dútslan.
- 17 - Britske troepen falle Irak binnen. Begjin fan 'e Britsk-Iraakske Oarloch.
- 21 - Grikelan jout him oer oan nazy-Dútslan. Kening George II nimt mei it Grykske regear de wyk nei Kreta.
- 22 - Begjin fan 'e evakuaasje fan 'e Alli?arde troepen fan it fêstelan fan Grikelan nei Kreta.
- maaie
- 1 - De evakuaasje fan 'e Britske, Australyske, Nijseelanske, Poalske en Grykske troepen fan it Grykske fêstelan nei Kreta wurdt folt?ge.
- 10 - Rudolf Hess, de pleatsferfanger fan 'e Dútske diktator Adolf Hitler, fljocht op eigen manneboet nei Grut-Brittanje om frede te sluten. Nei't er in needlaning meitsje moat yn Skotlan, wurdt er troch de Britten finzen set.
- 20 - Begjin fan 'e Slach om Kreta, wêrby't de Dútsers op it Grykske eilan Kreta lanje.
- 27 - Begjin fan 'e evakuaasje fan 'e Alli?arde troepen fan Kreta nei Egypte.
- 30 - Britske troepen marsjearje yn it ramt fan 'e Britsk-Iraakske Oarloch de Iraakske haadstêd Bagdad binnen en helje dêr it pro-Dútske regear fan Rasjyd al-Gailani ?nder fuotten.
- juny
- 8 - De Britten en Frije Fransen falle Syrje binnen, dat yn 'e hannen is fan it kollaborearjende Vichy-Frankryk.
- 15 - Kroaasje wurdt lid fan 'e As.
- 21 - De Britten en Frije Fransen feroverje de Syryske haadstêd Damaskus op 'e troepen fan Vichy-Frankryk.
- 22 - Operaasje Barbarossa giet fan start: nazy-Dútslan falt de Sovjet-Uny binnen. Ek Itaalje en Roemeenje ferklearje de Sovjet-Uny de oarloch.
- 23 - Slowakije ferklearret de Sovjet-Uny de oarloch.
- 25 - Finlan ferklearret de Sovjet-Uny de oarloch. Dit is de ein fan 'e Tuskenfrede en it begjin fan 'e saneamde Ferfolchoarloch (d.w.s. in ferfolch op 'e Winteroarloch fan 1939-1940).
- 27 - Begjin fan 'e striid fan 'e Joegoslavyske partizanen ?nder lieding fan Josip Broz Tito tsjin 'e Dútske besetters.
- 29 - Minsk, de haadstêd fan 'e Sosjalistyske Sovjetrepublyk Wyt-Ruslan, wurdt ferovere troch de Dútsers.
- july
- 2-3 - De Dútsers en de pleatslike Oekraynske befolking rjochtsje ?nder Joaden yn Lvov (Lemberg) by de pogroms fan Lvov in bloedbad oan, wêrby't sa'n 7.000 minsken omkomme.
- 3 - De lêste troepen fan Vichy-Frankryk yn Syrje jouwe har oer oan 'e Britten en Frije Fransen.
- 7 - Amerikaanske troepen lanje op Iislan om dêr mei ynstimming fan it Iislanske regear en de Deenske ambassadeur yn Washington, D.C. militêre bases yn te rjochtsjen en de ferdigening fan it lan tsjin in eventu?le Dútske oanfal oer te nimmen fan 'e Britten.
- 12 - Yn Moskou ?ndertekenje it Feriene Keninkryk en de Sovjet-Uny in militêr b?nsgenoatskip.
- 29 - Vichy-Frankryk slút in oerienkomst mei Japan en akseptearret de Japanske militêre besetting fan Fransk-Yndo-Sina.
- augustus
- 9 - Foar de kust fan Nijf?nlan, oan board fan it Britske oarlochsskip de Prince of Wales, moetsje de Britske premier Winston Churchill en de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt inoar.
- 25 - Britske en Sovjet-troepen dogge in ynfal yn Perzje nei de wegering fan 'e sjah om fanwegen te kommen tsjin pro-Dútske aktiviteiten yn syn lan.
- 27 - Sjah Reza Pahlavi fan Perzje docht ?nder twang fan 'e Alli?arden ?fstan fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Mohammed Reza Pahlavi.
- 30 - Yn Servje wurdt in Dútsk sokpoprezjym opset ?nder lieding fan generaal Milan Nedi?.
- septimber
- 3 - Yn it Dútske ferneatigingskamp Auschwitz fine de earste massale fergassings mei it gifgas Zyklon B plak.
- 8 - Dútske en Finske troepen slute de stêd Leningrad yn. Dêrmei begjint it Belis fan Leningrad.
- 19 - Ki?v, de haadstêd fan 'e Sosjalistyske Sovjetrepyblyk Oekra?ne, falt yn Dútske hannen. S?nt it begjin fan Operaasje Barbarossa binne der al mear as 3 miljoen Sovjet-soldaten troch de Dútsers kriichsfinzen nommen.
- 23 - Generaal Charles de Gaulle rjochtet yn Londen in Fransk regear-yn-ballingskip op.
- 28 - Sovjet-lieder Josef Stalin heft by dekreet de Autonome Sovjetrepublyk fan de Wolgadútsers op. Begjin fan 'e massale deportaasje fan 400.000 Wolgadútsers nei Sibearje en Kazachstan.
- 29 - By it Bloedbad fan Babi Jar, by Ki?v, fermoardzje de Dútsers 35.000 Joadske manlju, froulju en bern.
- oktober
- 15 - It regear fan 'e Sovjet-Uny en de b?tenlanske diplomatike fertsjintwurdigings nimme by it neieroankommen fan 'e Dútsers de wyk út Moskou nei de eastlike leine stêd K?jbisjev.
- 25 - Oant it Eastfront begjint de Slach om Moskou.
- novimber
- 2 - De ?etniks, in royalistyske Servyske guerrilja-organisaasje ?nder lieding fan generaal Dragoljub Mihailovi?, docht mei goedfinen fan 'e Dútsers in oanfal op 'e Joegoslavyske partizanen fan Josip Broz Tito. Dit is it begjin fan 'e boargeroarloch yn beset Joegoslaavje.
- 18 - De lêste Italjaanske troepen yn Abessynje jouwe har oer oan 'e Britten. Dêrmei is Abessynje, dat s?nt de ein fan 'e Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch, yn 1936, troch Itaalje beset holden waard, einlings befrijd.
- 27 - Oan it slepende Belis fan Tobr?k, yn Italjaansk-Lybje, komt in ein as de úthongere Alli?arde ferdigeners ?ntset wurde troch it Britske 8e Leger.
- desimber
- 7 - Mei de troch Japan útfierde oanfal op Pearl Harbor, in marinebasis op Hawa?, reitsje de Feriene Steaten by de Twadde Wraldoarloch belutsen.
- 7 - Panama ferklearret de oarloch oan Japan.
- 8 - De Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Nederlan, Nij-Seelan, Kanada, Súd-Afrika, it regear-yn-ballingskip fan Poalen, de Dominikaanske Republyk, El Salvador, Ha?ty, Hondoeras, Kosta Rika en Nikarag?a ferklearje de oarloch oan Japan.
- 9 - Austraalje, G?atemala en Kuba ferklearje de oarloch oan Japan. Sina, dat al s?nt it begjin fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch yn 1936 yn oarloch is mei Japan, ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslan en Itaalje.
- 11 - Nazy-Dútslan en Itaalje ferklearje de oarloch oan 'e Feriene Steaten. Nederlan ferklearret de oarloch oan Itaalje. De As-grutmachten nazy-Dútslan, Itaalje en Japan ?nthjitte inoar gjin ?fs?nderlike frede slute te sillen mei de Alli?arden.
- 16 - It regear-yn-ballingskip fan Tsjechoslowakije ferklearret de oarloch oan Japan.
- 20 - Belgje ferklearret de oarloch oan Itaalje.
- 25 - Nei in belegering fan twa wiken feroverje de Japanners de Britske koloanje Hongkong.
- s?nder datum
- Yn 'e Feriene Steaten makket Allen Lomax de earste opnamen fan bluessjonger Muddy Waters.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 7 - Willem van Kooten, Nederlansk radio presintator (? 2025)
- 8 - Boris Vallejo, Per?viaansk yllustrator en boekban?ntwerper
- 20 - Josse de Haan, Frysk skriuwer en dichter (? 2020)
- 23 - Buddy Buie, Amerikaansk sjonger (? 2015)
- 29 - Philip Houben, Nederlansk politikus (? 2017)
- 30 - Dick Cheney, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten
- febrewaris
- 26 - Jan Jongepier, Frysk organist (? 2011)
- maart
- 13 - Cees Lute, Nederlansk hurdfytser (? 2022)
- 14 - Wolfgang Petersen, Eastfrysk filmregisseur en filmprodusint (? 2022)
- 22 - Bruno Ganz, Switsersk akteur (? 2019)
- 23 - Peer Mascini, Nederlansk akteur (? 2019)
- 23 - Henk van den Breemen, Nederlansk generaal (? 2024)
- 26 - Johan de Jong, Frysk amateur-ornitolooch (? 2022)
- april
- 7 - Gorden Kaye, Ingelsk akteur (? 2017)
- 8 - Vivienne Westwood, Britsk moade?ntwerpster (? 2022)
- 10 - Paul Theroux, Amerikaansk skriuwer
- 11 - Joop Braakhekke, Nederlansk telefyzjekok en restauranthalder (? 2016)
- 19 - Sipke Castelein, Frysk roeier
- 20 - Ryan O'Neal, Amerikaansk akteur (? 2023)
- 22 - Piter Yedema, Frysk dichter, oersetter en literatuerkritikus (? 2018)
- 27 - Tineke de Nooij, Nederlanske radio- en telefyzjepresintatrise
- maaie
- 5 - Jose Kaimlett, katolike prelaat en oprjochter fan 'e manlike religieuze kongregaasje Herauten fan Goed Nijs (? 2018)
- 9 - Froukje Annema, Frysk skriuwster (? 1998)
- 11 - Eric Burdon, Ingelsk sjonger
- 12 - Ruud de Wolff, Yndysk-Nederlansk muzikant (? 2000)
- 24 - Bob Dylan (Robert Allen Zimmerman), Amerikaansk sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer
- juny
- 10 - Harry Muskee, Nederlansk sjonger (? 2011)
- 16 - Lamont Dozier, Amerikaansk lietsjeskriuwer (? 2022)
- 21 - Hein Verbruggen, Nederlansk sportbestjoerder (? 2017)
- july
- 4 - Johnny Lion, pseudonym fan John van Leeuwarden, Nederlansk sjonger en akteur (? 2019)
- 13 - Robert Forster, Amerikaansk akteur (? 2019)
- 16 - Hans Wiegel, Nederlansk politikus en bestjoerder (? 2025)
- 18 - Stephen Holden, Amerikaansk muzyk- en filmkritikus
- 25 - Manny Charlton, Skotsk gitarist (? 2022)
- augustus
- 2 - Ede Staal, Grinslansk sjonger en dichter (? 1986)
- 4 - Kaija Mustonen, Finsk reedrydster
- 9 - Anne Huitema, Frysk byldzjend keunstner
- 10 - Kees van Kooten, Nederlansk skriuwer en kabaretier
- 11 - Henk Zoetendal, Frysk fuotballer (? 2024)
- 17 - Fritz Wepper, Dútsk akteur (? 2024)
- 18 - Carter Camp, Amerikaansk aktivist (? 2013)
- 20 - Slobodan Milo?evi?, presidint fan Joegoslaavje en fan Servje (? 2006)
- 25 - Dick Eisma, Frysk skriuwer en oersetter (? 2011)
- 30 - Ben Jones, Amerikaansk akteur en politikus
- 31 - Henk Terlingen, Nederlansk radio- en telefyzjepresintator (? 1994)
- septimber
- 6 - Willibrord Frequin, Nederlansk sjoernalist en programmamaker (? 2022)
- 19 - 'Mama' Cass Elliott, Amerikaansk sjongster en aktrise (? 1974)
- oktober
- 8 - Martin van Amerongen, Nederlansk publisist, kollumnist en sjoernalist (? 2002)
- 8 - Jesse Jackson, Amerikaansk aktivist en politikus
- 25 - Gordon Tootoosis, Kanadeesk akteur en aktivist (? 2011)
- 31 - Johan Stekelenburg, Nederlansk fakb?nsbestjoerder en politikus (? 2003)
- novimber
- 9 - Sjoerd de Vries, Frysk keunstner (? 2020
- 18 - Toon Tellegen, Nederlansk skriuwer
- desimber
- 1 - Jesús Moncada, Katalaansk skriuwer (? 2005)
- 12 - Sies Bleeker, Frysk byldzjend keunstner (? 2014)
- 14 - Karan Armstrong, Amerikaansk operasjongster (? 2021)
- 17 - Lippe Lap, Frysk ?ndernimmer (? 2012)
- 26 - Rienk Alberda, Frysk wedstriidsiler (? 2012)
- 31 - Alex Ferguson, Skotsk fuotbaltrener
- datum ?nbekend
- Harvey Pratt, Amerikaansk keunstner
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 8 - Robert Baden-Powell, Ingelsk militêr en stifter fan de paadfinerij (* 1857)
- 13 - James Joyce, Iersk skriuwer (* 1882)
- febrewaris
- 6 - Maximilien Luce, Fransk keunstskilder (* 1858)
- 13 - Blind Boy Fuller, Amerikaansk muzikant (* 1907)
- 27 - Adriaan Hendrik Sirks, Nederlansk militêr en plysjefunkskonaris (* 1879)
- maart
- 13 - Bernardus IJzerdraat, Nederlansk fersetsstrider (* 1891)
- 28 - Virginia Woolf, Ingelsk skriuwster en feministe (* 1882)
- april
- 3 - Anne de Koe, Frysk predikant en aktivist (* 1866)
- 5 - Banjo Paterson, Australysk dichter (* 1864)
- 8 - Minne Hoekstra, Frysk maratonrider en earste alvestêdetochtwinner (* 1884)
- 13 - Annie Cannon, Amerikaansk astronome (* 1863)
- maaie
- 6 - Franz Koenigs, Nederlansk bankier en keunstsamler (* 1881)
- 7 - James George Frazer, Skotsk antropolooch (* 1854)
- 15 - Law Adam, Nederlansk fuotballer (* 1908)
- juny
- 4 - keizer Willem II fan Dútslan (* 1859)
- july
- 9 - Carl Friedrich von Siemens, Dútsk yndustrieel en politikus (* 1872)
- 10 - Jelly Roll Morton, Amerikaansk pianist en komponist (* 1890)
- 26 - Josephine Siebe, Dútsk skriuwster (* 1870)
- 28 - Jantsje Aberg-Terpstra, Frysk skriuwster en ?nderwizeresse (* 1876)
- augustus
- 30 - Peder Oluf Pedersen, Deensk yngenieur en natuerkundige (* 1874)
- 31 - Marina Tsvetajeva, Russysk skriuwster (* 1892)
- septimber
- 26 - Ugo Agostoni, Italjaansk hurdfytser (* 1893)
- novimber
- 5 - Arndt Pekurinen, Finsk pasifist (* 1905)
- 12 - Leo Graetz, Dútsk natuerkundige (* 1856)
- 18 - Walther Nernst, Dútsk natuer- en skiekundige en Nobelpriiswinner (* 1864)
- 22 - Kurt Koffka, Dútsk psycholooch (* 1886)
- desimber
- 11 - Frank Conrad, Amerikaansk elektrotechnikus, útfiner en radio-pionier (* 1874)
- 25 - John Lander, Ingelsk roeier (* 1907)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- novelles
- Paul Gallico, The Snow Goose (oerset yn it Frysk as De Sniegoes)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 1936 | 1937 | 1938 | 1939 | 1940 | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|