优动漫PAINT(漫画插画绘制软件) V1.6.2官方版
De Sniegoes | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Snow Goose | |
auteur | Paul Gallico | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
1e publikaasje | 1941 | |
oarspr. útjwr. | Alfred A. Knopf, Inc. | |
prizen | nom. O. Henry Award 1941 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Sniegoes | |
publikaasje | 1984, Ljouwert | |
útjouwer | Af?k | |
oersetter | Ida Bouwhuis-Minnema | |
ISBN oers. | 9 06 27 32 674 |
De Sniegoes, yn it oarspronklike Ingelsk: The Snow Goose, is in koarte novelle fan 'e han fan 'e Amerikaanske skriuwer en sjoernalist Paul Gallico (1897-1976). It is in romantyske trageedzje tsjin 'e eftergr?n fan it belis troch de Dútsers fan it ynsletten Britske leger yn Dúntsjerk, yn 1940. The Snow Goose, dat foar it earst publisearre waard yn 1941, is nei gedachten Gallico syn bekendste wurk, en syn iennichste literêre súkses dat algemien as sadanich erkend waard. Hy waard dermei nominearre foar de O. Henry Award foar koarte ferhalen. De Fryske oersetting fan Ida Bouwhuis-Minnema waard útj?n yn 1984.
Ynhald
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sniegoes fertelt it ferhaal fan Philip Rhayader, in skilder en bistefreon dy't him út 'e minsklike maatskippij ?fs?ndere hat om't er fanwegen syn lichaamlike beheinings (hy hat in bochel en in ferwoeksen earm) altiten skoudere waard. Yn 1933 set er him nei wenjen yn in ferlitten fjoertoer yn in moerasgebiet oan 'e kust fan it Súdingelske Esseks. Dêr haldt er al in hoartsje ta as Frith, in tolvejierrich famke út in fiskersdoarpke dêr yn 'e omkriten, op in dei har eangst foar de "sjamme yn 'e fjoertoer" oerwint nei't se in troch jagers oansketten f?gel f?n hat. Se bringt it bist by Rhayader, dy't de w?nen skjinmakket en ferbynt en de brutsen poat spalket. It blykt in sniegoes te wêzen, fan in soart dy't allinnich yn Noard-Amearika foarkomt. Rhayader riddenearret dat it bist troch in stoarm fan Kanada alhiel nei Ingelan ta blazen wêze moat. (De f?gel, de iennichste dy't tsj?ge is fan it hiele fierdere ferhaal, stiet symboal foar de skriuwer sels, dy't ek ?fkomstich wie út Noard-Amearika en him yn Ingelan nei wenjen set hie.)
Tink derom: Yn de tekst hjir?nder wurdt de ?frin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As de goes genêzen is, jout er him by de oare, Jeropeeske guozzen. Elts jier komt er winterdeis werom by de ald fjoertoer, wylst er de simmer trochbringt op Grienlan of Spitsbergen. Troch de goes ?ntstiet der in freonskip tusken de iensume Rhayader en it famke Frith. Foar Rhayader giet dat úteinlik oer yn wat oars, mar Frith, dy't dan in jier as santjin, achttjin is, wurdt benaud foar it gefoel dat se dêrfan kriget en keart har fan him ?f. De folgjende kears dat se delkomt, is Rhayader syn sylboatsje oan it ynladen mei fiktaalje en oare nedichheden. It is 1940, en oarloch. De Dútsers hawwe it Britske ekspedysjeleger ynsletten oan 'e Noardfranske kust, by Dúntsjerk, en Churchill hat alle Britten dy't oer seeweardige boaten beskikke, oproppen om mei te helpen by de evakuaasje fan 'e troepen dêre. Frith wurdt kjel as hja foar it ferstan kriget dat Rhayader him yn sok deadlik gefaar bejaan sil, mar se kin it him net ?ntprate. As er fuortsylt, folge troch de nuet wurden sniegoes, wit se dat se him nea wer sjen sil.

Troch in pear tsj?genissen fan Britske militêren wurdt dúdlik wat der by Dúntsjerk bard is. Rhayader is dagenlang oan 'e gong om mei syn sylboatsje soldaten fan it stran nei de gruttere skippen foar de kust te bringen, en rêdt dêrmei h?nderten libbens. Under de soldaten giet letter it ferhaal dat wa't de sniegoes seach, it der libben ?frêde soe. Rhayader sels is net sa lokkich, en wurdt úteinlik dea oantroffen yn syn troch de mitrailleurs fan in Dútske d?kbommewerper trochsingele boat. By de fjoertoer wachtet Frith op berjocht. Dat komt úteinlik yn 'e foarm fan 'e sniegoes, dy't in r?ntsje om 'e toer hinne makket en dan fuortfljocht om nea wer werom te kommen. Frith ynterpretearret dat as Rhayader syn siel dy't ?fskie fan har nimt ?nderweis nei it hjirneimels — en dan beseft se pas dat se fan him beg?n wie te halden. Neitiid wurdt de fjoertoer by fersin ferrinnewearre troch in Dútske piloat dy't it foar in militêre ynstallaasje oansjocht. Troch it bombardemint brekt ek de seedyk dêrsanne troch, en de ru?ne fan 'e toer komt splis te stean. Al Rhayader syn skilderijen geane ferlern, útsein ien dat Frith f?n en mei nei h?s nommen hie, fan in smoarch jong famke mei in oansketten goes op 'e earm.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan The Snow Goose ferskynde yn 1984 ?nder de titel De Sniegoes by de Af?k te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e han fan Ida Bouwhuis-Minnema, en de útjefte, in boekje fan 36 siden, is opfleure mei tekenings fan Anne Linton.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ?nder: References, op dizze side. |