花样滑冰运动员海选 网友不解选拔地点为何在三亚
In ambassade (fan it Franske ambassade; sjoch foar fierdere etymology: ambassadeur) is in diplomatike fertsjintwurdiging fan ien lan yn in oar lan, dy't laat wurdt troch in ambassadeur. Mei de oantsjutting 'ambassade' kin it eigentlike gesantskip (besteande út diplomatyk personeel) bedoeld wêze, mar der wurdt ek wol inkeld it gebou mei bedoeld dêr't dat gesantskip yn húsfêste is. Meastal wurdt lykwols sawol it gesantskip as it gebou bedoeld. Ambassades befine har yn 'e regel yn 'e stêd dêr't it regear fan it gastlan syn sit hat. Dat hoecht net altyd ek de haadstêd te wêzen; yn Nederlan, bygelyks, binne de measte b?tenlanske ambassades yn De Haach fêstige. Yn grutte gastlannen hat it thúslan soms njonken in ambassade ek noch ien of mear konsulaten, dat legere diplomatike fertsjintwurdigings binne. As lannen in problematyske relaasje hawwe en dêrom gjin ambassadeurs útwikselje, kin it foarkomme dat in konsulaat de heechste diplomatike fertsjintwurdiging is. Ambassades falle bestjoerlik ?nder it Ministearje fan B?tenlanske Saken fan it thúslan.
Doelen en omstannichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doel fan in ambassade is om kommunikaasje en ?nderhannelings tusken de beide belutsen lannen mooglik te meitsjen, en om kulturele útwikseling te fersoargjen. Ek fungearje ambassades as it oansprekpunt foar steatsboargers fan it thúslan dy't yn it gastlan ferbliuwe, bgl. foar fakansje, stúdzje of saken. Under kêst 22 fan it Ferdrach fan Wenen oangeande Diplomatyk Ferkear, út 1961, genietsje sawol it terrein dêr't de ambassade op fêstige is as de residinsje fan 'e ambassadeur diplomatike ymmuniteit. Yn 'e praktyk betsjut soks dat de autoriteiten fan it gastlan it ambassadeterrein en de ambassadeursresidinsje pas betrêdzje meie as se dêr tastimming foar hawwe fan 'e autoriteiten fan it thúslan (yn 'e measte gefallen yn 'e persoan fan 'e ambassadeur). Dêrfan wurdt gauris gebr?k makke troch lju dy't it gastlan ?ntflechtsje wolle; hja kringe dan de ambassade fan in oar lan binnen en freegje dêr polityk asyl oan.
It is in misferstan dat ambassades lytse stikjes gr?ngebiet binne dy't it gastlan tydlik ?fstien hat oan it oangeande thúslan. Ambassades genietsje dan wol diplomatike ?nskeinberheid, mar se hearre noch hieltyd ta it gr?ngebiet fan it gastlan. Wa't bgl. in moard begean soe yn 'e Nederlanske ambassade yn Parys, soe pas troch de Franske plysje arrestearre wurde kinne as de Nederlanske ambassadeur dêr tastimming foar joech, mar hy soe noch altyd ?nder it Franske rjocht terjochtstean moatte, om't er syn misdriuw op Fransk gr?ngebiet begien hawwe soe.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de Earste Wraldoarloch hiene inkeld grutmachten ambassades, wylst alle oare lannen gesantskippen ?nderholden, dy't ek wol legaasjes neamd waarden. Gesantskippen waarden laat troch gesanten, dy't yn it protokol leger yn achting stiene as ambassadeurs. Grutmachten wegeren om ambassadeurs fan lytsere lannen te ?ntfangen, om't dat ynhalde soe dat se dan ek in ambassadeur weromstjoere moatte soene, en ambassadeurs genoaten doedestiden in hiel heech ynkommen en fierden in grutte steat. It wie dus folle foardieliger om in gesant te stjoeren.
Geandewei de earste helte fan 'e tweintichste iuw ferdizene it ?nderskie tusken ambassades en gesantskippen en tusken ambassadeurs en gesanten. Doe't guon lannen har gesantskippen beg?nen op te wurdearjen ta ambassades, moasten alle oaren dêr wol yn meigean om protokollêr net yn it neidiel te reitsjen. Nederlan ferhefte yn 1942 syn gesantskippen yn Grut-Brittanje en de Feriene Steaten ta ambassades, en nei ?frin fan 'e Twadde Wraldoarloch dy yn alle oare lannen ek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ?nder: Bronnen, noten en referenties, op dizze side.
|