车讯:F-150/Mustang等13款 曝福特混动车计划
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 | 2029 | 2030 |
![]() | |
Gregoriaanske kalinder![]() |
2025 MMXXV |
Ab urbe condita | 2778 |
Armeenske kalinder | 1474 ?? ???? |
Etiopyske kalinder | 2017 – 2018 |
Hebriuwske kalinder | 5785 – 5786 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2080 – 2081 |
- Shaka Samvat | 1947 – 1948 |
- Kali Yuga | 5126 – 5127 |
Iraanske kalinder | 1403 – 1404 |
Islamityske kalinder | 1447 – 1447 |
Juliaanske kalinder![]() |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4721 – 4722 辛辰 – 壬巳 |
2025 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2025.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Lychtenstein fiert it homohoulik yn.
- 1 - Bulgarije en Roemeenje wurde lid fan 'e Schengens?ne.
- 1 - Nei it ?frinnen fan in kontrakt dat it lan dêrta ferplichte, leit de Oekra?ne alle trochfier fan Russysk ierdgas oer syn gr?ngebiet nei Jeropa stil.
- 1 - By in oanslach yn 'e Amerikaanske stêd New Orleans komme 15 minsken om (de dieder ynbegrepen) en reitsje 35 oaren ferw?ne as in oanhinger fan 'e terroristyske organisaasje Islamityske Steat (IS) op in minskemannichte ynriidt dy't it nijjier fiert.
- 1 - By in sjitpartij yn 'e Montenegrynske stêd Cetinje komme 13 minsken om en reitsje 3 oaren ferw?ne as in man yn it wylde wei om him hinne begjint te sjitten.
- 6 - De Kanadeeske premier Justin Trudeau kundiget syn ?ftreden oan om't er net mear gen?ch stipe hat binnen syn eigen partij.
- 7 - It troch de Folksrepublyk Sina besette Tibet wurdt troffen troch in ierdbeving fan 7,1 op 'e skaal fan Richter. Der komme sa'n 400 minsken om mei nochris sa'n selde oantal lju dat ferw?ne rekket.
- 7-31 - Yn 'e regio fan Los Angeles, yn Súdlik Kalifornje, halde de meast ferneatigjende natoerbrannen út 'e skiednis fan 'e krite hús. Der komme 29 minsken om en mear as 13.000 gebouwen baarne út, it meastepart fan it bekende Sunset Boulevard ynbegrepen. Sa'n 180.000 minsken wurde evaku?arre.
- 11 - By de ?ntploffing fan in benzinestasjon yn Al-Bayda, yn Jemen, komme 40 minsken om.
- 15 - Nei wiken fan ympasse slagget it de plysje fan Súd-Kore? einlings om it Blauwe H?s, de presidinsjele residinsje, binnen te kommen en presidint Yoon Suk-Yeol te arrestearjen foar dy syn mislearre steatsgreep yn begjin desimber.
- 15 - Israel en de Palestynske fersetsbeweging Hamas komme nei mear as 13 moannen einlings in nij sjitferbod oerien yn harren konflikt yn 'e Gazastripe.
- 18 - As yn Suleja, yn Nigearia, in strane tankwein ?ntploft dêr't lju benzine út oan it ?ftaapjen binne, komme 99 minsken om.
- 19 - It sjitferbod tusken Israel en de Palestynske fersetsbeweging Hamas yn harren konflikt yn 'e Gazastripe giet yn.
- 20 - Yn Washington, D.C. wurdt Donald Trump ynsward as de 47e presidint fan 'e Feriene Steaten.
- 21 - By in bran yn in hotel yn it Turkske wintersportoard Kartalkaya komme 78 minsken om.
- 23 - Tailan fiert it homohoulik yn.
- 24 - De stoarm éowyn brekt alle rek?rs yn Ierlan mei wynfaasjes fan 183 km/h. Mear as in miljoen wenten komme s?nder stroom te sitten, mar der komt mar ien persoan om it libben.
- 24 - By in grutte bran yn Frjentsjer geane santjin oldtimers ferlern.
- 25 - By in ynbraak yn it Drintsk Museum yn Assen wurdt ?.m. de Dasyske goudene Helm fan Co?ofene?ti stellen, ien fan 'e wichtichste argeologyske erfstikken fan Roemeenje, dy't yn Nederlan te lien is.
- 26 - By de presidintsferkiezings yn Wyt-Ruslan wurdt troch wiidweidige stimbusfraude en yntimidaasje fan it elektoraat diktator Aleksander L?kasjenko op 'e nij ta presidint "keazen".
- 27 - It Sineeske bedriuw DeepSeek set de I.T.-wrald op 'e kop as it bekend makket dat de ?ntwikkeling fan 'e eigen keunstmjittich yntelliginte chatbot mar $6 miljoen koste hat. It ding liket teminsten likegoed te wêzen as ChatGPT fan it Amerikaanske OpenAI, dat miljarden koste hat. Wraldwiid ferlieze I.T.-bedriuwen op 'e effektebeurzen foar miljarden dollars oan wearde.
- 29 - Yn de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. komme by in loftbotsing boppe de rivier de Potomac in Bombardier CRJ700-ferkearsfleantúch en in Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopter fan it Amerikaanske Leger mei-inoar yn botsing. Beide tastellen komme del yn 'e rivier en alle 67 ynsittenden (64 yn it fleantúch, 3 yn 'e helikopter) komme om it libben.
- 31 - By Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, stoart koart nei it opstiigjen in Learjet 55 del. Alle 6 ynsittenden komme dêrby om.
- febrewaris
- 4 - By in sjitpartij yn it Sweedske ?rebro komme 11 minsken om (ynkl. de skutter), en reitsje nochris 15 oaren ferw?ne.
- 4 - De Amerikaanske presidint Donald Trump makket bekend dat er fan doel is om 'e Gazastripe te anneksearjen, de hiele Palestynske befolking te deportearjen en der de "Riviêra fan Midden-Easten" fan te meitsjen. Sawol yn eigen lan as om utens wurdt syn plan mei ferbjustering ?ntfongen en as folslein ?nre?listysk besk?ge.
- 10 - Der komme teminsten 55 minsken om as by in bus?ngemak in autobus by in brêge delrekket oer de rivier de Las Vacas yn G?atemala.
- 13 - By it Grinslanske Usquert hat in ierdbeving plak fan 2,2 op de skaal fan Richter.
- 18 - De Amerikaanske presidint Donald Trump beslút om wer diplomatike betrekkings mei Ruslan oan te gean.
- 23 - By parlemintsferkiezings yn Dútslan komt de konservative CDU/CSU as winner út 'e bus. Partijlieder Friedrich Merz wurdt de nije b?nskanselier. De op ien nei grutste partij, mei r?chwei 20% fan 'e stimmen, wurdt it ekstreem-rjochtse AfD, dat in neo-nazistyske fleugel hat.
- 28 - In moeting fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump mei de Oekraynske presidint Volodymyr Zelensky yn it Wite H?s yn Washington, D.C. rint folslein mis as Trump en syn fise-presidint J.D. Vance harren gast foar de kamera's op groteske wize ferwiten begjinne te meitsjen en it leksum lêze. Yn Jeropa wurdt dizze "m?klaach", sa't it barren yn 'e media omskreaun wurdt, sjoen as de earste stap fan it definitive ferrie fan 'e Oekra?ne troch Trump.
- maart
- 3 - De Amerikaanske presidint Donald Trump skoarret alle militêre help oan 'e Oekra?ne op.
- 4 - It Amerikaanske biotechnologybedriuw Colossal Bioscences kre?arret in h?sm?s mei beskate lichaamlike eigenskippen fan 'e wolhierrige mammoet (de saneamde "wolhierrige m?s") as stap op 'e wei nei it ?nútstjerren fan 'e wolhierrige mammoet.
- 4 - S?daan klaget de Feriene Arabyske Emiraten oan by it Ynternasjonaal Gerjochtsh?f foar genoside yn 'e S?daneeske regio Darfoer. De Feriene Arabyske Emiraten jouwe militêre stipe oan 'e Flugge Understipingskrêften (RSF), in milysje ferantwurdlik foar de genoside, dêr't it S?daneeske regear mei yn boargeroarloch is.
- 6 - By in grutte bran yn it sintrum fan Arnhim geane tsien gebouwen wer?nder in tal ryksmonuminten út de 19e iuw ferlern.
- 6 - By it Belgyske La Louvière stoart by de sloop fan in brêge oer it Centrumkanaal, by ?ngelok in part fan de brêge yn, werby't ien meiwurker om it libben komt en twa meiwurkers ferw?ne reitsje.
- 8 - Nei ferskate skermutselings mei rebellen dy't trou binne oan it rezjym fan 'e eardere diktator Basjar al-Assad, rjochtsje troepen fan it nije Syryske regear yn 'e noardwestlike kuststripe fan it lan in bloedbad oan ?nder alawiten, de religieuze minderheid dêr't Assad ta heart.
- 10 - Op de Noardsee foar de kust fan it Ingelske Hull komme it frachtskip de Solong en de tanker de Stena Immaculate mei-inoar yn botsing, beide skippen reitsje as gefolch dêrfan yn 'e bran.
- 11 - Rodrigo Duterte, de eardere presidint fan 'e Filipinen, wurdt arrestearre en útlevere oan it Ynternasjonaal Strafhof yn De Haach om berjochte te wurden foar misdieden tsjin 'e minsklikheid. Dy soed er ?nder syn regear begien hawwe troch drugsdealers en drugsferslaafden s?nder oansjens des persoans fermoardzje te litten troch spesjale moardeskaders.
- 16 - By in bran yn in nachtklub yn it Noardmasedoanyske Ko?ani komme teminsten 59 minsken om en reitsje 155 oaren ferw?ne.
- 16 - Yn it Limburgske Falkenburch stoart de Wilhelminatoer yn, in ryksmonumint út 1906.[1]
- 18 - Nei't de militante Palestynske beweging Hamas wegere hat om ?f te wiken fan 'e ?fspraken sa't dy fêstlein binne yn it yn jannewaris yngiene sjitferbod yn it konflikt yn 'e Gazastripe, brekt Israel it sjitferbod en set útein mei in wiidweidige kampanje fan bombardeminten.
- 19 - Recep Tayyip Erdo?an, de presidint fan Turkije, lit de lieder fan 'e opposysje en syn wichtichste politike rivaal by de kommende presidintsferkiezings, de boargemaster fan Istanb?l Ekrem ?mamo?lu, oppakke, sabeare foar korrupsje. Yn stêden yn it hiele lan geane minsken yn de folgjende wiken de strjitte op om te demonstrearjen.
- 27 - By in stekpartij op De Dam yn Amsterdam reitsje fiif minsken earnstich ferw?ne. De plysje giet derfan út dat de frijwol daliks oppakte fertochte hannele út in terroristysk motyf.
- 28 - By in swiere ierdbeving yn Birma fan 7,7 op 'e skaal fan Richter wurdt yn dat lan en teffens yn it oanbuorjende Tailan gans materi?le skea oanrjochte. Der komme teminsten 4.900 minsken om en teminsten 6.600 oaren reitsje ferw?ne. It episintrum fan 'e beving leit by Mandalay, yn it midden fan Birma.
- 31 - Yn Kurasau en Sint-Marten wurdt de Antiljaanske g?ne ferfongen troch in nije muntienheid, de Karibyske g?ne.
- april
- 2 - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget hege ymportheffings oan foar hast alle lannen en territoaria yn 'e wrald, mei as gefolch dat de oandielemerken yn 'e folgjende dagen kelderje.
- 8 - Under in konsert fan 'e sjonger Rubby Pérez yn 'e nachtklub Jet Set, yn Santo Domingo, de haadstêd fan 'e Dominikaanske Republyk, stoart it dak yn. Dêrby komme teminsten 231 minsken om, ?nder wa Pérez, en reitsje mear as 200 oaren ferw?ne.
- 15 - By in boatramp op 'e rivier de Kongo yn 'e Demokratyske Republyk Kongo komme teminsten 148 minsken om.
- 21 - Paus Fransiskus, dy't s?nt 2013 oan it haad fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke stiet, komt yn 'e alderdom fan 88 jier te ferstjerren.
- 26 - De útfeart fan paus Fransiskus fynt plak yn Rome. Oerienkomstich syn sobere libbensstyl wurdt er neffens syn eigen winsken begroeven yn 'e Santa Maria Maggiore, in basilyk b?ten Fatikaanstêd, mei op syn grêfsark inkeld de namme "Franciscus".
- 26 - By in oanslach mei in ridende auto yn 'e Kanadeeske stêd Vancouver komme 11 minsken om en reitsje 32 oaren ferw?ne.
- 28 - It Ibearysk Skiereilan wurdt troffen troch in alomfetsjende stroomsteuring.
- 30 - De Feriene Steaten en de Oekra?ne slute in oerienkomst oer de eksploitaasje fan minerale helpboarnen yn 'e Oekra?ne. De Feriene Steaten wurde dêrtroch oanfitere ta it dwaan fan ynvestearrings yn 'e Oekra?ne, wylst de Oekra?ne mei it ferdrach de takomstige levering fan wapenreau feilichstelt foar de striid tsjin Ruslan.
- maaie
- 6 - Nei twa stimmings yn 'e B?nsdei, it Dútske parlemint, wurdt de konservatyf Friedrich Merz keazen ta de nije b?nskanselier.
- 7-10 - In driigjende oarloch tusken Yndia en Pakistan einiget nei 4 dagen fan besjittings en bombardeminten oer en wer mei in troch Amerikaanske bemiddeling berikt sjitferbod.
- 8 - De Amerikaanske kardinaal Robert Francis Prevost wurdt keazen as de nije paus fan Rome. Hy komt op 'e Hillige Stoel ?nder de namme Leo XIV. Hy is de earste paus dy't ?fkomstich út de Feriene Steaten (hoewol't er ek de Per?viaanske nasjonaliteit hat).
- 12 - Yn Turkije beslút de Koerdyske Arbeiderspartij (PKK) himsels op te heffen nei 47 fan striid foar de Koerdyske saak.
- 18 - By presidintsferkiezings yn Roemeenje wint de progressive kandidaat Nicu?or Dan mei in lyts ferskil fan syn ekstreem-rjochtse rivaal George Simion.
- juny
- 1 - By Operaasje Spinreach ferneatiget de Oekra?ne yn it ramt fan 'e Russysk-Oekraynske Oarloch by in spektakulêr súksesfolle oanfal mei drones djip yn Russysk gr?ngebiet mear as 40 strieljager-bommesmiters fan 'e Russyske Loftmacht op fleanbases by Moermansk en Irk?tsk.
- 3 - Yn Nederlan falt it Kabinet-Schoof nei't Geert Wilders syn stipe ynlutsen hat en de ministers fan syn PVV út it kabinet weromlutsen hat.
- 6 - Yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles brekke grutskalige protesten út nei't de ymmigraasjetsjint ICE dêr ferskate razzia's holden hat op 'e siik nei yllegale ymmigranten.
- 10 - By in sjitpartij op in skoalle yn it Eastenrykske Graz komme 10 minsken om en reitsje mear as 30 oaren ferw?ne nei't in ald-learling it fjoer op harren iepenet.
- 12 - Air India-flecht 171 stoart koart nei it opstiigjen del op in hostel yn 'e stêd Ahmedabad, yn 'e dielsteat G?djarat, yn westlik Yndia. Dêrby komme 229 passazjiers, 12 bemanningsleden en 19 minsken op 'e gr?n om. Ien passazjier oerlibbet de crash op w?nderbaarlike wize.
- 13 - Yn it Midden-Easten brekt de Tolvedeiske Oarloch út as Israel s?nder warsk?ging doelen yn Iraan begjint te bombardearjen. As reden jout it Israelyske regear fan premier Benjamin Netanyahu op dat Iraan op it punt stiet in eigen atoombom te ?ntwikkeljen, hoewol't in neitiid iepenbier makke rapport fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinsten stelt dat Iraan noch trije jier fan dat punt ?f is.
- 14 - Yn stêden oeral yn 'e Feriene Steaten wurde reuseftige demonstraasjes holden yn it ramt fan 'e No Kings-protesten, rjochte tsjin 'e presidint Donald Trump dy't op deselde dei foar it earst yn 'e resinte Amerikaanske skiednis in militêre parade yn 'e haadstêd Washington, D.C. halde lit.
- 22 - De Amerikaanske presidint Donald Trump grypt yn yn 'e Tolvedeiske Oarloch tusken Israel en Iraan troch trije Iraanske nukleêre ?ndersykskompleksen by Fordo, Natanz en Isfahan bombardearje te litten troch de Amerikaanske Loftmacht.
- 23 - As ferjilding foar de Amerikaanske bombardeminten fan in dei earder fiert Iraan raketoanfallen út op Amerikaanske legerbases yn Katar en Irak
- 24 - Under swiere druk fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump haldt Israel op mei syn loftoanfallen op Iraan. Der komt in sjitferbod dat in ein makket oan 'e Tolvedeiske Oarloch.
- 24-25 - Yn De Haach wurdt foar it earst in top fan 'e NATO holden.
- 27 - Troch bemiddeling fan 'e Feriene Steaten en Katar komt yn Sintraal-Afrika nei trije jier oarloch in foarriedich fredesferdrach ta stan tusken de Demokratyske Republyk Kongo en R?anda.
- july
- 4 - By in hommels opkommende oerstreaming fan 'e rivier de Guadalupe yn 'e Amerikaanske steat Teksas komme mear as 135 minsken om, wêr?nder tsientallen jonge famkes dy't fakansje fiere yn it simmerkamp Camp Mystic.
- 13 - By de stêd As-S?weida, yn it suden fan Syrje, brekke swiere gefjochten út tusken twa etnyske groepen: Druzen en Arabyske bedoe?nen.
- 14 - It Syrysk oergongsregear stjoert troepen nei it suden fan it lan om tuskenbeiden te kommen yn it oangeande Druzysk-bedoeynsk konflikt.
- 16 - Israel bombardearret it Presidinsjeel Paleis en it militêr haadkertier yn 'e Syryske haadstêd Damaskus, wêrmei't it yn namme oan 'e kant fan 'e Druzen ynterveni?arret yn it Druzysk-bedoeynsk konflikt yn súdlik Syrje. It Syrysk oergongsregear l?kt syn troepen út it gebiet werom.
- 21 - In strieljager fan 'e Bingaalske loftmacht stoart del yn 'e haadstêd Daka. Dêrby komme de piloat en 30 minsken op 'e gr?n om it libben.
- 24 - Yn protest tsjin de hongersneed yn Gaza dy't moedwillich troch Israel feroarsake is, kundiget de Franske presidint Emmanuel Macron oan dat syn lan yn septimber de ?n?fhinklikheid fan Palestina erkenne sil.
- 24 - Angara Airlines-flecht 2311 stoart del by Tynda yn it Russyske Fiere Easten. Alle 48 ynsittenden komme dêrby om.
- 21 - It langrinnende grinskonflikt tusken Kambodja en Tailan l?get wer op mei nije skermutselings mei swiere wapens.
- 27 - Yn Dútslan fynt by it plak Riedlingen, yn 'e dielsteat Baden-Wuertemberch, in treinramp plak, wêrby't 3 minsken omkomme en 36 oaren ferw?ne reitsje.
- 28 - Yn it grinskonflikt tusken Kambodja en Tailan wurdt troch bemiddeling fan Maleizje in sjitferbod sletten.
- 29 - De Britske premier Keir Starmer kundiget oan dat syn lan yn septimber de ?n?fhinklikheid fan Palestina erkenne sil as Israel net ophaldt mei it blokkearjen fan in sjitferbod yn it it konflikt yn 'e Gazastripe, iten yn it gebiet talit foar de hongerjende befolking en stappen set ta in twasteate-oplossing fan it bredere Israelysk-Palestynske konflikt.
- 30 - Marten Bergsma, Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar winne yn Frjentsjer de 172ste PC. Marten Bergsma wurdt útroppen ta kening.
- 30 - In swiere ierdbeving fan 8,8 op 'e skaal fan Richter fynt plak foar de eastkust fan it Kamtsjatkaskiereilan yn it Fiere Easten fan Ruslan. Ts?namywarsk?gings wurde útfurdige yn Japan, Hawa? Alaska en oan 'e westkust fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, mar it spul rint mei in skamper ?f.
- augustus
- 6 - Stiens wint yn Wommels de 123ste Freulepartij.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Wayne Osmond, Amerikaansk sjonger (* 1951)
- 2 - ágnes Keleti, Hongaarsk turnster (* 1921)
- 2 - Ján Zachara, Slowaaksk bokser (* 1928)
- 3 - Willem van Kooten, Nederlansk radio presintator (* 1941)
- 4 - Tomiko Itooka, Aldste minske fan de wrald (* 1908)
- 7 - Jean-Marie Le Pen, Fransk politikus (* 1928)
- 8 - Lyn Lepore, Australysk hurdfytster (* 1961)
- 12 - Jan Randles, Australysk atlete (* 1945)
- 14 - Jack Kooistra, Frysk sjoernalist (* 1930)
- 15 - Linda Nolan, Iersk sjongster (* 1959)
- 17 - Manu?la Kemp, Nederlansk sjongster en presintatrise (* 1963)
- 20 - Fred Newhouse, Amerikaansk atleet (* 1948)
- 20 - John Sykes, Ingelsk gitarist (* 1959)
- 21 - Keiichi Suzuki, Japansk reedrider (* 1942)
- 21 - Mauricio Funes, Salvadoraansk presedint (* 1959)
- 22 - Johan Slager, Nederlansk gitarist (* 1946)
- 23 - Esther Jansma, Nederlansk dichteres (* 1958)
- 24 - Johan Doesburg, Nederlansk regisseur (* 1955)
- 25 - Greg Bell, Amerikaansk fierspringer (* 1930)
- 29 - Vadim Naoemov, Russysk keunstrider (* 1969)
- 29 - Evgenia Sjisjkova, Russysk keunstriidster (* 1972)
- 29 - Gerwin Visser, Frysk radioprodusint (* 1999)
- 30 - Richard Button, Amerikaansk keunstrider (* 1929)
- 30 - Marianne Faithfull, Ingelsk sjongster (* 1946)
- febrewaris
- 1 - Horst K?hler, Dútsk politikus (* 1943)
- 2 - Brian Murphy Ingelsk akteur (* 1932)
- 3 - Ferd Hugas, Nederlansk akteur en skenarioskriuwer (* 1937)
- 4 - Marijke Stultiens-Thunnissen, Nederlansk keunstner (* 1927)
- 5 - Ernst-Joachim Küppers, Dútsk swimmer (* 1942)
- 6 - Richard Meredith, Amerikaansk iishockeyer (* 1932)
- 9 - Sigrid Koetse, Nederlansk aktrise (* 1935)
- 10 - Ron Brandsteder, Nederlansk presintator (* 1950)
- 11 - Georgios Roubanis, Grysk atleet (* 1929)
- 11 - Anneke Scholtens, Nederlansk skriuwster (* 1955)
- 13 - Jacqueline van Maarsen, Nederlansk skriuwster (* 1929)
- 14 - Alice Hirson, Amerikaansk aktrise (* 1929)
- 15 - Jaap van der Doef, Nederlansk politikus (* 1934)
- 17 - Frits Bolkestein, Nederlansk politikus (* 1933)
- 19 - Frits Korthals Altes, Nederlansk politikus (* 1931)
- 19 - Kent Bernard - Trinidikaanks atleet (* 1942)
- 22 - Hans van den Broek, Nederlansk politikus (* 1936)
- 24 - Roberta Flack, Amerikaansk sjongeres (* 1937)
- 26 - Michelle Trachtenberg, Amerikaansk aktrise (* 1985)
- maart
- 1 - Angie Stone, Amerikaansk sjongeres (* 1961)
- 2 - Wim van den Heuvel Nederlansk akteur (* 1928)
- 2 - Dieuwertje Blok, Nederlansk presintatrise (* 1957)
- 4 - Judith de Leeuw, Nederlansk diskjockey (* 1936)
- 4 - Roy Ayers, Amerikaanske funk-, soul- en jazzfibrafoanist. (* 1940)
- 5 - Fred Stolle, Australysk tennisser (* 1938)
- 6 - Brian James, Ingelsk gitarist (* 1955)
- 7 - Br?ni Heinke, Nederlansk aktrise (* 1940)
- 7 - Eddy Sikma, Frysk keunstner (* 1957)
- 8 - Philippe B?r, Nederlansk biskop en m?nts (* 1928)
- 9 - Richard McTaggart, Skotsk bokser (* 1935)
- 9 - Akinori Nakayama, Japansk turner (* 1943)
- 11 - Norair Nurikian, Bulgaarsk gewichtheffer (* 1948)
- 16 - Rob de Nijs, Nederlansk sjonger (* 1942)
- 20 - Eddie Jordan, Iersk autokoereur en ?ndernimmer (* 1948)
- 21 - Giancarlo Guerrini, Italjaansk wetterpolo?r (* 1939)
- 21 - George Foreman, Amerikaansk bokser (* 1949)
- 23 - Bram Biesterveld, Nederlansk akteur (* 1938)
- 27 - Loretta Schrijver, Nederlansk nijslêzer (* 1956)
- maaie
- 16 - Jan Terlouw, Nederlanske politikus, natuerkundige en skriuwer (* 1931)
- 16 - Hans Wiegel, Nederlanske politikus fan de VVD (* 1941)
- 24 - Cor Boonstra, Nederlanske bestjoerder, ?ndernimmer en topfunksjonaris (* 1938)
- juny
- 14 - Henk van Os, Nederlansk keunsthistoarikus (* 1938)
- 25 - Wim van Eekelen, Nederlansk VVD-politikus (* 1931)
- july
- 1 - Nico Zwinkels, Nederlansk telefyzjepresintator (* 1945)
- 20 - Malcolm-Jamal Warner, Amerikaansk akteur (* 1970)
- 22 - Ozzy Osbourne, Ingelsk sjonger (* 1948)
- 23 - George Kooymans, Nederlansk gitarist (* 1948)
- 24 - Chiel Montagne, Nederlansk presintator en radio-dj (* 1944)
- 24 - Hulk Hogan, Amerikaansk akteur en wrakselder (* 1953)
- 28 - Laura Dahlmeier, Dútsk biatlete (* 1993)
- datum ?nbekend
- febrewaris - Gene Hackman - Amerikaansk akteur (* 1930)
- maart - Klaus Richtzenhain - Dútsk atleet (* 1934)
Jierren: | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 | 2029 | 2030 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|