角楼图书馆"最北京"栖身复建古迹内 本地文献超7000册
Minne Hoekstra | ||
![]() | ||
![]() | ||
Minne Hoekstra | ||
persoanlike bys?nderheden | ||
bertedatum | 10 juny 1884 | |
berteplak | Wergea | |
stjerdatum | 8 april 1941 | |
stjerplak | Skerpenseel | |
sportive ynformaasje | ||
?nderdiel | Langebaan | |
wichtige prestaasjes | ||
winner Alvestêdetocht |
Minne Hoekstra (Wergea, 10 juny 1884 - Skerpenseel, 8 april 1941) wie de winner fan de earste Alvestêdetocht, op 2 jannewaris 1909 .
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Minne Hoekstra wie de soan fan Abraham Hoekstra, makker en hofleveransier fan redens. Hy wie goed yn muzyk, koe tekenje, die oan turnjen en reedriden. Tsjin it sin fan syn heit die er ek oan hurdfytsen, dêr't er ek prizen mei w?n. Minne hie it boek Wintersport lêzen, dêr't Pim Mulier syn Alvestêdetocht yn beskreau, en hy woe dat sels ek graach ris dwaan. Doe't Hoekstra studint teology wie yn Grins en 24 jier ald, waard op 2 jannewaris 1909 in Tocht op schaatsen over de elf steden van Friesland ('Tocht op redens oer de alve stêden fan Fryslan') útskreaun troch it Nederlanske B?n foar lichaamlike opfieding, en organisearre troch it Fryske Iisb?n. Hoekstra seach syn kans om syn dream útkomme te litten en wie ien fan de hast fyftich ynskreaune reedriders.

Foar it Fryske b?n wie it gjin wedstriid, mar foar it Nederlanske al. Foar dielnimmer 34, Minne Hoekstra, wie it dúdlik in wedstriid; hy hie sels gatsjeredens - redens mei gatten yn de izers, dat se lichter wienen. It waard in tocht yn teiwaar en yn it westen gong it oer brak, sêft iis. Al tusken Burdaard en Dokkum - de tocht gong om de Noard - ferlear er by in fallerij syn noasker, dat hy hie der it grutste part fan de tocht problemen mei alles goed sjen. Nei 189 km wie Minne Hoekstra dochs de fluchste, yn 13 oere 50, en hy w?n dermei de ferguld-sulveren medalje dy't it Nederlanske b?n útloofd hie.
Yn de folgjende dagen kaam der spul yn de krante mei in oare dielnimmer, Jan Boon. Boon sei dat er sels net hurd riden hie om't it gjin wedstriid wêze soe, en dat er hawwe woe dat Hoekstra dêr't it iis te min wie stikken r?n hie.
Uteinlik w?n Hoekstra ek de priis fan it Fryske b?n: in ferguld-sulveren reed foar de aardichste beskriuwing fan de tocht ynstjoerd troch in dielnimmer-folbringer. It ferslach is yn opdracht fan it Fryske Iisb?n útj?n troch "de Atlas" yn de Haach, ?nder de titel De historische elfstedentocht van 2 januari 1909 ('De histoaryske alvestêdetocht fan 2 jannewaris 1909').
Dêrnei ferdw?n Minne Hoekstra út de publike belangstelling. Hy makke dat jier syn stúdzje ?f, boaske op 19 augustus mei Johanna Velsing en 6 oktober beg?n er as d?mny yn De Wylp. In pear jier letter stie er yn Wier, noch letter yn Beilen en per slot yn Skerpenseel. Hy hat ek letter noch tekene; yn de tsjerke fan Raerd en yn dy fan Beilen hinget wurk fan syn han. Minne Hoekstra is yn 1941 ferstoarn. Syn prizen binne úteinlik troch syn soan, doe't dy sels al 85 wie, oan it Earste Fryske Redensmuseum j?n.