外媒:若检测过关 国际奥委会将结束对俄“封杀”
Kelly Osbourne | ||
![]() | ||
![]() | ||
Kelly Osbourne (2009) | ||
persoanlike bys?nderheden | ||
echte namme | Kelly Michelle Lee Osbourn | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 27 oktober 1984 | |
berteplak | Londen | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar | |
jierren aktyf | 1991- | |
offisjele webside | ||
kellyosbourne.net |
Kelly Michelle Lee Osbourne (Londen, 27 oktober 1984) is in Ingelske telefyzjepersoanlikheid, aktrise en sjongeres. Se is de dochter fan rockleginde Ozzy Osbourne (fan 'e band mei deselde namme en fan Black Sabbath) en syn twadde frou Sharon.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kelly waard bekend troch de reality-telefyzjesearje The Osbournes, dy't fan maart 2002 ?f útstjoerd waard. De lêste ?flevering ferskynde yn maart 2005.
Kelly wie ?nderdiel fan in groep jonge artysten dy't punk begjin jierren 2000 nij libben ynblaasden mei harren pseudo-punk klean en anty-autoriteitshalding. Yn 2002 brocht se har earste album, Shut Up út. Dit album waard benammen bekend troch har cover Papa Don't Preach fan Madonna. Op it Ozzfest fan 2002 en ferskate oare konserten song Kelly it ferske She Is Beautiful tegearre mei Andrew W. K..
Yn 2003 song Kelly in duet mei har heit. It ferske Changes (oarspronklik in n?mer fan Black Sabbath) waard in grutte hit yn Ingelan en de Feriene Steaten. It ferske waard taheakke oan it album Shut Up, lykas guon live-opnamen. Dêrnei krige it album de nije namme Changes.
Kelly krige ek in rol yn 'e telefyzjesearje Life As We Know It fan 2004 oant 2005, in dramasearje oer middelbere skoallejongeren. De searje waard nei 11 ?fleverings annulearre (hoewol't der 13 makke wienen).
Yn 2005 waard har twadde soloalbum Sleeping in the Nothing útbrocht.
Osbourne publisearre op 1 septimber 2009 in autobiografy[1].
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Osbourne wie fersein oan sjef-kok Matthew Mosshart. Osbourne en Mosshart moeten inoar yn 2011 op it houlik fan Kate Moss. De presintatrise en Matthew Mosshart giene útinoar nei in relaasje fan twa jier. [2] Yn 2009 wie se koart ferloofd mei Luke Worrall . [3]
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Shut Up | 26 novimber 2002 | Epic | Papa Don't Preach (Madonna cover) Shut Up |
Sleeping in the Nothing | 7 juny 2005 | Sanctuary | One Word |
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
2004 | Life as We Know It | Deborah Tynan | |
2005 | The Muppets' Wizard of Oz | Dorothy Gale | Televyzjefilm |
2014–2016 | The 7D | Hildy Gloom | Stim |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Ingelsk sjonger
- Ingelsk dance-artyst
- Ingelsk rockartyst
- Ingelsk popartyst
- Dielnimmer oan in Britsk realitytelefyzjeprogramma
- Ingelsk filmakteur
- Ingelsk telefyzje-akteur
- Ingelsk stimakteur
- Ingelsk moade?ntwerper
- Ingelsk telefyzjepresintator
- Ingelsk persoan fan Iersk kom?f
- Ingelsk persoan fan Joadsk kom?f
- Persoan berne yn 1984