儿童村,有群年轻“兵爸爸”
In fetplant of sukkulint (fan it Franske succulent) is in plant dy't wetter opslacht en dy't dêrtroch fertsj?ke, fleizige en opsette dielen hat. Sokke planten komme ornaris foar yn dr?ge klimaten of op gr?n dy't gjin reinwetter fêsthalde kin. Bekende soarten fetplanten binne kaktussen en alo?s. Kaktussen binne stalesukkulinten, wylst alo?s blêdsukkulinten binne. It ferskil leit him deroan wêr yn it lichem fan 'e plant it wetter opslein wurdt.

Neiere beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fetplanten kinne wetter opslaan yn ferskate dielen, lykas de blêden, de stale, de stam of de t?ken. Party fetplanten kinne wol foar 90–95% út wetter bestean, lykas it healr?n tongblêd (Glottiphyllum semicylindricum) of Barkley's middeisblom (Mesembryanthemum barkleyi). Sommige definysjes fan fetplanten litte ek romte foar it omfetsjen fan planten dy't wetter yn 'e woartels opslane, sadat geofiten dy't ?ngeunstige perioaden oerlibje troch har boppegr?nske dielen ?fstjerre te litten en te tarjen op it wetter yn 'e ?ndergr?nske dielen, ek as fetplanten besk?ge wurde kinne.
De biotopen dêr't fetplanten groeie, binne faak kriten mei hege temperatueren by dei (hoewol't it der nachts goed kald wêze kin) en in lege jierlikse delslach of in lege effektive delslach (wêrby't wol in protte rein falt, mar alles tagelyk yn ien of twa kear yn 't jier, sadat hast alles fuortendaliks wer fuortstreamt). By dat soarte gebieten giet it benammen om woastinen en healwoastinen. Mar fetplanten groeie ek op tige sanige of rotsige ?ndergr?nen, dy't gjin wetter fêsthalde kinne, ek al is der op himsels gen?ch delslach. Dêrby kin men tinke oan beskate ekosystemen yn berchtmen.
Fetplanten wurde karakterisearre troch harren fermogen om mei beheinde wetterboarnen ta te kinnen, troch bygelyks mist, dize en dau op te nimmen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ?nder: References, op dizze side.
|